Nyck de Vries docht goede saken foar klassemint mei poadiumplak yn Sotsji

29 sep 2018 - 20:41

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is yn de Formule 2-race yn Sotsji as tredde oer de finish kaam. Hy ried ek de fluchste ronde. De Vries wie net kompetatyf genôch om foar de winst te gean, sei er nei ôfrin, tefreden mei in poadiumplak.

It is de sechsde kear dit seizoen dat De Vries op it poadium einiget. Yn it klassemint stiet er no op it fjirde plak. De Vries starte yn it Russyske Sotsji fan poleposition. De foarige kear wie op it sirkwy fan Spa-Francorchamps, in goede moanne lyn. Doe wûn er de haadrace.

Noch twa racewykeinen

It racewykein yn Sotsji is it op ien nei lêste fan dit seizoen yn de Formule 2. Ein novimber race de koereurs noch op it Yas Marina-sirkwy yn Abû Daby, de haadstêd fan de Feriene Arabyske Emiraten.

Trefwurden: 
Nyck de Vries
(advertinsje)