SC Hearrenfean kin ADO Den Haag net de baas yn it Abe Lenstrastadion

Sportklup Hearrenfean hat de kompetysjewedstriid tsjin ADO Den Haag yn eigen hûs net winne kinnen. Yn eigen hûs bleau it 1-1. De doelpunten foelen yn de earste helte.
© www.orange-pictures.nl
Yn de earste helte wie Hearrenfean beslist net de bettere ploech, al krigen de Friezen wol de bêste kânsen. Yn de 31ste minút skoarde Michel Vlap de iepeningstreffer. Hy skeat de bal yn de fiere hoeke, achter keeper Indy Groothuizen, nei in assist fan Arber Zeneli. Noch gjin fiif minuten earder wie der ek al in grutte kâns foar Vlap. Hy mikte de bal op de krusing. Op slach fan rêst skoarde Tomás Necid fan ADO Den Haag de lykmakker.
Yn de twadde helte waard Hearrenfean better. Ynfaller Pelle van Amersfoort skeat neist, Sherel Floranus koe de bal net goed oannimme yn in 16-metergebiet, en Sam Lammers skeat de bal oer de goal. Yn de blessueretiid waard der ek net mear skoard yn it Abe Lenstrastadion. Sa ferliest Hearrenfean twa punten tsjin ADO Den Haach.