VV Bûtenpost ferliest mei ien doelpunt ferskil fan ACV Assen
Fuotbalferiening VV Bûtenpost hat de haadklassewedstriid fan ACV Assen mei 0-1 ferlern. Yn it begjin like Bûtenpost de bettere ploech, en Rolf Dijk wie sels ticht by de iepeningstreffer, mar de Friezen krigen de bal net foarby keeper Ben Wormmeester fan Assen.
Flak foar de rêst skoarde Pascal Huser it earste en iennige doelpunt foar ACV. Nei de rêst krigen de 'Blaukes' fan Bûtenpost in pear goeie kânsen. Oan de enerzjy lei it net. Mar op Sportpark De Swadde koe de thúsploech net ta skoaren komme. De trije punten geane nei Drinte.