FIDEO: Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne

29 sep 2018 - 18:08

Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuier neame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.

De hoeders rinne mei de skiep lâns doarpen as Beetstersweach, Drachten, Aldegea en Warten. Yn elk doarp organisearje se in publyksmerk. Marieke van Schuppen en Diederik Sleurink binne greidehoeders foar It Fryske Gea. Tegearre mei harren bordercollies rinne se yn acht dagen nei it stedshûs yn Ljouwert dêr't boargemaster Ferd Crone se opwachtet.

Kantine

"Het idee is ontstaan in de kantine. Het beroep schaapsherder werd door UNESCO als cultureel erfgoed bestempeld en op de werelderfgoedlijst gezet. In combinatie met Leeuwarden als Culturele Hoofdstad hadden we het idee dat we daar iets mee moesten doen", seit Sleurink. Sa kamen se op it idee om in kuiertocht troch Fryslân te meitsjen, mei as einbestimming Ljouwert.

Grutte Fryske Skieppekuier - Foto: Omrop Fryslân

De skiep binne hiel geskikt foar de lange ôfstân. "Het zijn atletische schapen", seit Van Schuppen. "Ze springen zo over hekjes en kunnen op hun achterste poten staan om besjes uit struiken te halen. Een Texelaar kan dat bijvoorbeeld al niet. Deze heideschapen hebben een heel andere bouw met hoge poten en een lange nek."

Grutte Fryske Skieppekuier - Foto: Omrop Fryslân

De skiep rinne elke dei sa'n acht oant trettjin kilometer. Sneon wie de earste etappe, fan Wynjewâld nei Beetstersweach. Dat is in ôfstân fan ûngefear tolve kilometer. Middeis wie der in merk foar publyk, mei bygelyks in foto-eksposysje om sjen te litten hoe't it is om hjoed-de-dei skieppehoeder te wêzen.

Grutte Fryske Skieppekuier - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)