ONS Snits wint yn doelpuntrike twadde helte fan De Dijk Amsterdam

29 sep 2018 - 17:34

ONS Snits hat yn de tredde difyzje de kompetysjewedstriid tsjin de Amsterdamske sportferiening De Dijk wûn mei 3-1. Alle doelpunten foelen yn de twadde helte. Foar de tee wie der net folle oan op it Sudersportpark yn Snits.

Keeper Barry Ditewig fan ONS Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

Pas nei 54 minuten skoarde Yume Ramos de iepeningstreffer foar ONS. De Dijk kaam yn de 80ste minút op likense hichte tocht in doelpunt fan Clayd Olf. Oanfierder Michael Lanting makke fiif minuten letter de 2-1 foar Snits. En yn de blessueretiid bepaalde Ramos de einstân. Ut in frije traap makke hy de 3-1.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)