Feroarsaker ûngelok Wâldwei hie fierstentefolle alkohol op

29 sep 2018 - 17:06

De man dy't op de Wâldwei in ûngelok feroarsake dêr't in auto by oer de kop sloech, hie fierstentefolle alkohol op. Dat meldt de plysje. De man hie mear as fjouwer kear safolle hân as tastien. Hy blaasde 900 ugl, wylst 220 it legale maksimum is.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde om middernacht hinne, by Warten. De man (46) botste fan achteren tsjin in oare auto oan. Dy sloech oer de kop, en bedarre yn it wetter neist de dyk. Der sieten twa froulju yn, fan 50 jier âld. Se binne út de auto klommen, en op it plak fan it ûngelok ûndersocht troch minsken fan de ambulânse.

Beide auto's moasten fuortsleept wurde. De Wâldwei yn de rjochting Drachten wie in skoftlang ticht.

De man dy't it ûngelok feroarsake is oanholden. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam. Hy moat him noch foar de rjochter ferantwurdzje.

(advertinsje)