Harkemase Boys ferliest nei 2-0 foarsprong fan DOVO Veenendaal

Yn de tredde difyzje ha de fuotballers fan de Harkemase Boys de útwedstriid mei 4-2 ferlern fan DOVO út Veenendaal. En dat wylst se earst mei twa doelpunten ferskil foar stienen.
Jari Slort fan de Harkemase Boys yn duel mei Lars Middelwijk fan DOVO © www.orange-pictures.nl
Al nei in kertier spyljen hienen de Harkiten in 2-0 foarsprong. Beide goals waarden makke troch Robert Stelpstra, en it skeelde hast neat of it hie in hattrick west. Yn de santjinde minút fleach syn skot oer de goal hinne. Hy hie de bal op de earm meinaam, mar de arbitraazje hie it net sjoen.

Hielendal frij

Twa minuten letter fûn DOVO de oansluting troch in doelpunt fan Nando Wormgoor. Hy stie hielendal frij by in korner. En noch foar de rêst skoarde Mitchell de Zwart de lykmakker foar DOVO. Mei 2-2 gongen beide ploegen de klaaikeamer yn.
Bylden fan de wedstriid
Yn de twadde helte seach it der min út achteryn by de Harkemase Boys. Nei 54 minuten skoarde DOVO-spits Joshua Patrick de 3-2. Mitchell de Zwart rûn Jari Slort der út, en Patrick koe frij koppe. Harkemase Boys krige gjin kâns op de lykmakker. Kesly den Haag besliste de wedstriid foar DOVO. 4-2.