Soargen oer Fryske taal en kultuer by betinking Slach by Warns

29 sep 2018 - 15:41

Lit it Frysk net ferdwine. Dat wie it belangrykste boadskip sneon by de betinking op it Reaklif fan de Slach by Warns. Tema dit jier wie Mienskip. Neffens de stichting Slach by Warns steane de taal en kultuer fan de Fryske mienskip ûnder druk troch minsken fan bûten Fryslân dy't hjir te wenjen komme.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nije Friezen binne wolkom, mar se moatte net dwaan as hat it Frysk gjin besteansrjocht, omdat sy it net ferstean kinne, sa wie it boadskip.

"Fleurich en geef"

De organisaasje hie doarpsbelangen út de hiele provinsje útnûge om mei in delegaasje nei It Klif te kommen. Fan de doarpsbelangen hiene 79 bestjoeren, dy't mei mekoar mear as 100 doarpen fertsjinwurdigje, in oarkonde tekene.

Yn de oarkonde stiet dat de doarpen har ferbûn fiele mei de Fryske mienskip en dat se har bêst dwaan sille om dy mienskip ''fleurich en geef'' te hâlden. De oarkonde is oanbean oan deputearre Johannes Kramer.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)