Paraswimmer Gerrit Dijkstra: "Ik koe myn spasmen net ûnder kontrôle krije"

Gerrit Dijkstra fan Drachten wie der sneontemoarn hielendal klear foar. As earste para-atleet soe er de Iselmar oerswimme, fan Starum nei Medemblik. Om kertier oer achten hinne gie er optein fan start. Hy fielde him goed en it waar siet mei, hast gjin wyn en drûch. Dochs moast er nei in kilometer as fjouwer syn swimtocht stake.
Paraswimmer Gerrit Dijkstra
Gerrit Dijkstra, para-atleet © Omrop Fryslân, Freark Wijma
"It woe net", fertelt Dijkstra. "De earste trije, fjouwer kilometer giene hartstikke goed, mar dêrnei krige ik spasmen yn myn fuotten. Dat hat neat mei kondysje of krêft te meitsjen, want dy ha ik wol. It wie de kjeld. It wetter wie sa kâld en myn spasmen koe ik net ûnder kontrôle krije."

Noch lêst

Dijkstra komt ta it beslút dat fierder swimmen gjin doel mear hat. "It gie absolút net. Ik ha der no noch hieltyd lêst. Ik ha al ûnder de waarme dûs west, mar de trilling ha ik noch hieltyd yn de fuotten."
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
Para-atleet Gerrit Dijkstra

Opnij besykje

Takom jier sil Dijkstra it wer besykje, mar dan yn july, as it wetter waarmer is. "Dan probearje ik dochs noch de earste para-atleet te wurden. Mar ik bin no wol de earste dy't it probearre hat, dat ha ik gelokkich yn 'e bûse. De teloarstelling sit noch wol in bytsje yn de achterholle, mar ik gean gewoan foar folgjend jier."
Reaksje Gerrit Dijkstra oer swimtocht