"Fryslân moat wichtige spiler wurde yn Nederlânske filmwrâld"

29 sep 2018 - 12:17

Mei de offisjele lansearring fan it Frysk Filmoffice moat Fryslân in wichtige spiler wurde op de Nederlânske filmmerk. Dat is alteast de ambysje fan New Noardic Wave, de organisaasje achter it opsetten fan it Filmoffice.

It Filmoffice is in buro dat filmmakkers oerhelje moat om nei Fryslân te kommen, om harren films te meitsjen. Sa helpe se mei it finen fan in geskikte lokaasje en minsken dy't mooglik meihelpe kinne mei it meitsjen fan de film. De lansearring fûn freedtejûn dan ek plak yn Utrecht, wêr't op it stuit de hiele Nederlânske filmwrâld by elkoar is op it Nederlands Film Festival.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferslachjouwer Wytse Vellinga op it Nederlands Film Festival

Neffens direkteur Joris Hoebe fan New Noardic Wave is Fryslân tige geskikt foar it meitsjen fan films, om't der in grut ferskaat oan natuergebieten is. Ek de stêden binne neffens Hoebe oantreklik as filmlokaasje.

"Niet iedereen wil een film maken die zich in Amsterdam afspeelt. Nederland heeft zoveel meer te bieden. En vooral in Friesland zijn er gewoon heel veel verschillende landschappen die het goed doen in een film."

Neist it Filmoffice waard ek in nij filmplatfoarm lansearre, dat filmmakkers dy't aktyf binne yn Fryslân mei elkoar yn kontakt bringe moat. Sa kinne se elkoar better fine en better gearwurkje.

(advertinsje)