Plysje pakt fertochten fan sjitpartij yn Ljouwert

29 sep 2018 - 11:26

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon nei in sjitpartij twa Ljouwerters oanhâlden. Plysjes waarden om trije oere op strjitte oansprutsen troch in 43-jierrige man. Dy ferklearre dat hy koart derfoar op de Willemskade besketten wie. De man waard net rekke, mar by de sjitterij waard wol in rút fan in gebou stikken sketten.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

Efkes letter koe de plysje de twa fertochten oanhâlde. It giet om Ljouwerters fan 26 en 28 jier. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk. It fjoerwapen waard yn de buert fan de sjitterij fûn en is yn beslach naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)