Auto rekket nei botsing yn it wetter lâns Wâldwei

29 sep 2018 - 10:11

By in botsing tusken twa auto's op de Wâldwei by Warten is freedtenacht ien fan de auto's yn it wetter bedarre. Tsjûgen melde dat in auto efterop in oare auto botste, dy't dêrnei oer de kop sloech en yn it wetter neist de dyk einige.

Foto: De Vries Media

Omstanners hellen de twa ynsitters út de auto yn de sleat. Dizze beide froulju binne ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse. Ien fan de slachtoffers moast nei it sikehûs. De bestjoerder fan de oare auto is oanhâlden.

Om't mooglik sprake is fan drank of drugs, is der by de bestjoerder in test ôfnaam. De útkomsten dêrfan binne noch net bekend.

Beide auto's moasten fuortsleept wurde. De Wâldwei yn de rjochting Drachten hat in skoft ticht west.

(advertinsje)
(advertinsje)