Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog.
Para-atleet Gerrit Dijkstra is nei goed 3 kilometer ophâlden mei syn swimtocht fan Starum nei Medemblik. It wetter yn de Iselmar is te kâld wêrtroch't in reaksje ûntstie op de spieren yn syn fuotten. Dy begûnen sa bot te triljen dat Dijkstra ophâlde moast. Hy naam it beslút mei triennen yn de eagen.
Ferslachjouwer Freark Wijma oer de swimtocht fan Gerrit Dijkstra
Paraswimmer Gerrit Dijkstra is sneontemoarn om kertier oer achten hinne begûn oan syn swimtocht oer de Iselmar. De waarsomstannichheden binne goed, it waait hast net, it is myld en drûch. Dijkstra skat dêrom yn dat er goede kâns hat om syn missy te folbringen.