Kollum: "De winterfoarsizzing fan dit jier"

29 sep 2018 - 08:28

"Yn de 15e iuw wie it sa kâld dat de rivier de Theems yn Londen befrear. De kâns dat soks nochris barre sil, liket troch de klimaatwizigingen net al te grut, mar der is hoop. Dy hoop komt fan de sinne. Wat is it gefal? Yn it jier 2016 wie der neffens stúdzje fan de NASA in kear as fjouwer sprake fan in saneamde 'vlekkeloze zon'. Soks soe wize kinne op in langere perioade fan kâld waar dat der oan sit te kommen. Neffens dy stúdzje soe de aktiviteit fan de sinne dit jier op syn leechst wêze. Soks neame se in Maunderminimum. In perioade dêr't de sinne it even rêstich oan docht.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Wittenskippers foarsizze dat 2018 wolris in jier wêze kin mei ekstreem waar. Foar de helte ha se fansels al gelyk krigen, de simmer wie fan in útsûnderlike lingte en ek de temperatuer wie fier boppe it gemiddelde. Wat soe it aardich wêze as dy wittenskippers ek foar de twadde helte fan it jier gelyk krije soenen. No binne it Russyske wittenskippers, dus it KNMI wie daliks al net al te meigeand, mar meteorolooch Paul Dorian seit ek dat it wolris kâld wurde kin.

Sterker noch, der binne sels wittenskippers dy't sizze dat troch de lege aktiviteit fan de koperen ploert der in nije iistiid oankomt. Dy soe sa tusken 2020 en 2050 syn beslach krije moatte. Noch mear bewiis foar in strange winter groeit yn de Alpen. De lokale befolking sjocht alle jierren even nei de lingte fan de giele gentiaan en mear hoege sy net te witten. De hichte fan de snie wurdt troch de lingte fan de plant kreas foarsein. Is der in dik pak snie kommendewei, is de plant lang, is de giele gentiaan mar koart, falt der amper genôch snie om op de lange latten te stean.

No wit ik earlik sein net oft Paul Dorian echt bestiet, of dat it in optinksel fan ien as oare winterleafhawwer is. Ek ha ik gjin ûnderfining mei de giele gentiaan. Mar ach, it is ein septimber, dus it is wer tiid foar de iisbaanmantsjes om de skiep en hynders fan de baan te jeien en der wetter op rinne te litten.

Dizze kollum is in bytsje stipe foar harren wurk. Alle jierren wer de baan der ûnder strûpe litte, it hokje even byfervje en de bankjes foar it opbinen kontrolearje op houtwjirm. It is Fryslân op syn aldermoaist en dy iisbaanmantsjes moatte wy koesterje. Sjoch nei de sinne, bêste reedriders, belslidejeiers, iisbaanmantsjes en alle oare minsken dy't graach wer ris in pak snie mei froast ha wolle.

Neffens de wittenskip komt der winter oan, meitsje jim mar klear. Sykje de mûtse, sjaal en wanten op, soargje dat de motor fan de feimasine it docht, set de snieskower klear. Besykje even of it lûkje fan it hokje noch soepel op en del giet, smar der oars wat meubeloalje op. Neffens de grutste optimisten sil de froast der ein oktober al yn knappe. Dus wês der klear foar.

En is it dan echt winter: stook de houtkachel yn it iisbaanhokje readgleonend, set der in grutte tsjettel mei poeiermolke op. Keapje in doaze fol mei koeken fan Wieger Ketellapper en snij mar fêst in pear op yn grutte hompen. Besykje of de muzyk it docht. En net ferjitte, it moat kreakje, dy muzyk. Net te glêd, net te digitaal.

Mochten jim yn al jim wysheid mei prikstok en boereferstân dan oardielje dat de baan iepen kin, genietsje der dan fan. Stek om my in sigaar oan en sjoch nei de laitsjende reade hollen fan al dy bern dy't troch jim krewearjen de wille fan it iis belibje kinne. Ik rekkenje op Paul Dorian en dy Russyske wittenskippers. De moaiste tiid fan it jier komt der oan. Doch mar even kalm oan, bêste sinne, wy wolle de feart út."

(advertinsje)
(advertinsje)