René Hake nei earste ferlies: "Dit moet een goede les zijn"

28 sep 2018 - 23:37

"Dit moet een goede les zijn, want we hebben onder onze kunnen gepresteerd." De wurden fan Cambuur-trainer René Hake nei ôfrin fan it ferlies tsjin Roda JC (0-1) wienen dúdlik. It wie pas it earste ferlies foar de Ljouwerters, mar it die wol sear. "We hebben niet een acceptabel niveau gehaald, dat doet het meest pijn. Het gevolg is dat je verliest."

Ferskate saken gienen freed mis by de Ljouwerters, fûn Hake: "Bij het druk zetten waren we vaak te laat. We hadden twee à drie momenten waaruit we gevaarlijk werden, maar dat is te weinig. En we speelden te vaak de verkeerde kleur aan. Dat kost te veel energie. Dan moet je rustig blijven, maar daarin waren we de eerste helft behoorlijk matig."

Krekt as in wike lyn tsjin Jong FC Utrecht (0-0) hie Cambuur it dreech mei it kreëarjen fan kânsen. Dêroer makket Hake him noch gjin soargen, wol dat de Ljouwerters net skoare út de kânsen dy't der wól binne: "Je moet toeslaan op de momenten die je hebt. De eerste wedstrijden waren we daar goed in, dat was een kwaliteit van ons. De laatste twee wedstrijden is dat niet zo."

Nota bene bij een ingooi laten we alles toe.

Cambuur-trainer René Hake

Tagelyk is Hake oer it algemien wol wiis mei hoe't syn ploech ferdigenjend stiet. "We geven niet veel weg." Ien min momint soarge freed wol krekt foar de iennige goal fan de wedstriid: "Nota bene bij een ingooi laten we alles toe. Als je zó de goal tegen krijgt en daardoor uiteindelijk verliest, dan is dat heel onnodig."

Jordy van Deelen: "Te slordig"

Ferdigener Jordy van Deelen fernaam yn de wedstriid al dat it net goed siet. "Het zat er niet in, we waren te slordig aan de bal. We hebben ook geen uitgespeelde kansen gecreëerd."

"Roda is echt niet veel beter dan wij", fûn Van Deelen. It lei fral oan de Ljouwerters sels dat se ferlearen: "Zij waren ook niet de bovenliggende partij, maar wij waren veel te slordig."

"Misschien was het een off-day, want de vorige wedstrijden lukte het wel. Dus hopelijk schieten we ze er volgende week wel weer in", sei Van Deelen hoopfol. Cambuur spilet takom wike freed in útwedstriid tsjin FC Dordrecht.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Roda JC
(advertinsje)