Sealfuotbal: winst Drachtster Boys, Avanti ferliest wer

28 sep 2018 - 22:39

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha har earste oerwinning fan it earedifyzjeseizoen binnen. Tjitske Sikma makke nei in heale minút yn de thúswedstriid de 1-0 tsjin Exstudiantes út Zwolle. Dêrnei kamen beide ploegen net mear ta skoaren. Avanti út Stiens ferlear foar de twadde wike op rige: freed wie Drs. Vijfje yn Grins mei 3-1 te sterk.

Foto: twitter @dftda1

Ek nei't Tjitske Sikma har ploech betiid op foarsprong setten hie, wie Drachtster Boys de sterkere ploech. De Drachtsters koenen har foarsprong lykwols net útwreidzje en dêrnei krige Exstudiantes in grutte kâns op de gelykmakker: doelfrou Anna Reitsma rekke de bal bûten de sirkel en de ploech út Zwolle krige in penalty. Reitsma makke har flater goed troch de ynset fan Suzanne Herpel te kearen.

Yn de spannende twadde helte krigen beide ploegen kânsen op in treffer. Reitsma holp har ploech noch in pear kear mei rêdingen. Om't de Drachtsters har eigen kânsen ek net ôfmakken - Sikma rekke de peal noch - bleau it lang spannend. Skoard waard der lykwols net mear.

Avanti noch puntleas

Yn Grins kaam Avanti op efterstân troch in goal fan Vesna Veltrop. Dêrfoar hie Drs. Vijfje ek alris de peal rekke. Tessa Peters makke der 2-0 fan foar de Grinzers.

Nei it skoft kaam Avanti noch wol werom ta 2-1, mar Arte Brueren makke yn de slotfaze in ein oan de spanning. Sy makke de 3-1 en sa bliuwt Avanti puntleas.

(advertinsje)