Froulju SC Hearrenfean winne útwedstriid wol wer

28 sep 2018 - 21:30

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat ek har twadde útwedstriid fan it seizoen wûn. Twa wiken nei de útoerwinning op Achilles'29 wûnen de Feanster froulju freed mei 0-3 op besite by PEC Zwolle. Dat wie in wolkomme revâns op it hurde thúsferlies fan in wike lyn tsjin PSV.

Dayna Schra - Foto: www.orange-pictures.nl

De earste kâns fan de wedstriid wie nei fiif minuten foar Tiny Hoekstra. Zwolle-doelfrou Nienke Olthof foarkaam noch de iepeningstreffer, mar tsien minuten letter wie it dochs 0-1. Dayna Schra sette de Feansters op foarsprong.

Dêrnei krige ek Zwolle kânsen, mar Devi Venema hold har doel skjin.

Al gau 0-2

Betiid yn de twadde helte wreide Hearrenfean de foarsprong út. Tiny Hoekstra sette foar op Danique Ypema, dy't foar de 0-2 soarge.

Yn it lêste diel fan de wedstriid kaam de oerwinning fan Hearrenfean net mear yn gefaar. Sterker noch, de bêste kânsen wienen foar Hearrenfean-spits Fenna Kalma. Sy skoarde net, mar har ploechgenoat Tiny Hoekstra makke der yn blessueretiid noch wol 0-3 fan.

Hearrenfean hat no seis punten út de earste trije wedstriden.

(advertinsje)