Tinkstien foar asylsikerssintrum dat al nei twa jier ferdwynt út Balk

Mei it ûntbleatsjen fan in aparte tinkstien is is freed yn Balk ôfskied nommen fan it asylsikerssintrum. Dy tinkstien leit oan de Wikelerdyk, tsjinoer it azc. Neffens it COA is it unyk dat in azc dat noch gjin twa jier iepen west hat in tinkstien krijt. Neffens lokaasjelieder Gerrit de Lang fan it azc yn Balk jout it oan dat it azc nei in wat drege start in goeie relaasje opboud hat mei it doarp.
De tinkstien foar it azc oan de Wikelerdyk yn Balk © Omrop Fryslân
De Lang fynt it dan ek spitich dat it azc al nei twa jier slút, yn plak fan de ôfprate termyn fan fiif jier. "Er zijn mooie contacten ontstaan, vriendschappen zelfs. En dat is nu weer weg, helaas." Mar, omdat der folle minder asylsikers binne, slút it COA yn hiel Nederlân mei-inoar tsien lokaasjes. Balk is dêr ien fan.
Wethâlder Boerland en Gerrit de Lang fan COA oer it ôfskie fan azc Balk
Wethâlder Joes Boerland fan De Fryske Marren fynt it ek spitich dat it azc al nei twa jier wer ferdwynt. De wethâlder seit 'grutsk' te wêzen op de gastfrijens dy't de Balksters de asylsikers sjen lieten, nei de ynsidinten yn de begjinperioade.
Op in yntegraasjejûn yn kultureel sintrum It Haske giene doe sels in pear 'ferfelende' bewenners fan it azc even mei-inoar op 'e fûst. "Daar hebben we wel even last van gehad ja", seit ek De Lang. "Maar afgezien van een paar kleine incidenten hebben we eigenlijk een hele goeie tijd gehad hier in Balk."
Tinkstien foar asylsikerssintrum dat al wer nei twa jier ferdwynt yn Balk