FIDEO: Rixt van der Horst toant gouden medaljes

28 sep 2018 - 20:48

Noch mar in wike lyn pakte Rixt van der Horst fan Grou trije gouden medaljes op de wrâldruterspelen yn it Amerikaanske Tryon. Dat die se mei it hynder Findsley, dat noch mar sûnt jannewaris har fêste hynder is. De Nederlânske ploech hat har no ek direkt pleatst foar de Paralympyske Spelen fan 2020 yn Tokio, mar it is noch net wis oft Rixt van der Horst dan meidwaan mei.

(advertinsje)
(advertinsje)