Sintrum Drachten better berikber mei werynrjochting en fernijing

28 sep 2018 - 20:25

De werynrjochte Splitting en it fernijde busstasjon oan it Van Knobelsdorffplein yn Drachten binne freed feestlik yn gebrûk naam. Mear as in jier is der yn Drachten wurke oan beide projekten. Optimale busferbinings en in stasjon dat by de tiid is, binne foar Drachten fan libbensbelang om't in ferbining oer it spoar nea realisearre is.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Untslutingsdyk De Splitting is de lêste jierren in stik drokker wurden foar auto- en fytsferkear. Oan de dyk sitte in soad skoallen, mei mei-inoar mear as 6.000 learlingen. Yn de nije sitewaasje is dêrom ûnder mear oan beide kanten in dûbeld fytspaad kaam.

Beide projekten binne ûnderdiel fan de Ynvestearringsaginda Drachten-Hearrenfean, wêryn't provinsje en gemeente gearwurkje.

Sietske Poepjes by iepeningstaspraak - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster wie derby yn Drachten

Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Robbert Bakker fan Smellingerlân ferrjochten freed de iepeningshanneling.

(advertinsje)