Bulthuis: "Mijn gevoel is veranderd, we zijn weer op de goede weg"

28 sep 2018 - 20:07

Neffens ferdigener Dave Bulthuis is SC Hearrenfean wer op de goede wei. De spiler klage twa wiken lyn noch oer it gebrek oan 'bereidheid' by syn ploechgenoaten, mar yn de bekerwedstriid tsjin Katwijk seach er dat wol werom yn it spul fan Hearrenfean. "Als ik de wedstrijd van woensdag zie, dan heb ik er wel weer vertrouwen in. Ik denk dat we die wedstrijd ook nodig hadden om weer de goede weg in te slaan."

Hearrenfean hie woansdeitejûn in ferlinging nedich om Katwijk, in ploech út de twadde difyzje, te ferslaan. Foar de Fryske klup stiet sneontejûn alwer it earedifyzjeduel tsjin ADO Den Haag op it programma, mar middenfjilder Michel Vlap is net benaud dat de 120 minuten, dy't Hearrenfean yn 'e fuotten hat, noch in obstakel wurdt tsjin ADO. "Wij spelen in eigen huis. Dus als we zorgen dat we het publiek achter ons krijgen, dan kunnen we gewoon gasgeven en dan is het geen enkel probleem."

Trainer Jan Olde Riekerink sil sneon wierskynlik mei deselde alve spilers starte as tsjin Katwijk. Ben Rienstra is noch wol in twivelgefal. De middenfjilder foel woansdei blessearre út en it is noch net dúdlik oft hy op tiid wer fit is.

Yuki Kobayashi is by ôfwêzichheid fan Rienstra de meast logyske ferfanger. Oft Arber Zeneli wer by de seleksje sit, is noch ûnwis. De oanfaller ûntbruts tsjin Katwijk fanwegen privee-omstannichheden.

Wierskynlike opstelling: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Thorsby, Vlap, Rienstra (Kobayashi); Van Bergen, Lammers, Rienstra.

De wedstriid SC Hearrenfean - ADO Den Haag is sneon live te folgjen op Omrop Fryslân Radio fan 18.30 oere ôf. Kommentator is Roelof de Vries.

(advertinsje)