Nyck de Vries start fan poleposition yn Sotsji

28 sep 2018 - 19:08

Nyck de Vries start sneon fan de poleposition yn de Formule 2-race yn it Russyske Sotsji. De Twellingeaster sette in tiid del fan 1.46.476. Dêrmei wie er leafst twa tsienden rapper as Lando Norris. Klassemintslieder George Russell start sneon fan it tredde plak.

Foto: ANP

It is de twadde kear fan it seizoen dat De Vries fan poleposition start. De foarige kear wie op it sirkwy fan Spa-Francorchamps, in goede moanne lyn. Doe wûn er ek de haadrace.

Spanning yn it klassemint

De Vries stiet op it fyfde plak yn it klassemint fan de Formule 2. Om't er no de poleposition pakt, rint er wer yn op nûmer fjouwer Artem Markelov. It ferskil is noch mar ien punt. In poadiumplak sit der ek noch yn foar De Vries, dan moat er Alexander Albon byhelje. Dat ferskil is grutter. It ferskil mei Russell en Norris, de nûmers 1 en 2, is te grut.

De start fan de haadrace is sneon om 15:40 oere, nei de F1-kwalifikaasje.

Noch twa racewykeinen

It racewykein yn Sotsji is it op ien nei lêste fan dit seizoen yn de Formule 2. Ein novimber race de koereurs noch op it Yas Marina-sirkwy yn Abu Dhabi, de haadstêd fan de Feriene Arabyske Emiraten.

(advertinsje)
(advertinsje)