Ype Smid beneamd ta earefoarsitter fan Cambuur
Ald-Cambuurfoarsitter Ype Smid is freed beneamd ta earefoarsitter fan SC Cambuur. Dat waard dien troch Johan Schikker, de hjoeddeistich foarsitter fan de rie fan kommissarissen.
Smid wurdt sjoen as de grutte regisseur fan de rêding fan de klup. Cambuur wie yn 2010 sa goed as fallyt en Smid stuts mei twa oare ynvestearders mei-inoar 7 en in heale ton yn de klup. Omdat de gemeente garant stie foar itselde bedrach, wie Cambuur foarearst rêden.
Twa doelen
Yn 2011 waard Smid foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Dat bleau er oant febrewaris 2018. Hy hie twa doelen foar eagen: Cambuur moast finansjeel sûn wurde en hy woe derfoar soargje dat der in nij stadion komt. It is beide slagge. "Dat geeft een goed gevoel", sei Smid yn maart. De komst fan it nije stadion is wol in lang en dreech proses. "Ik had gehoopt dat ik als voorzitter het stadion mocht openen. Dat is niet gelukt."
Yn febrewaris lei er syn wurk del. Foar de bûtenwacht wie dat frij ûnferwachte, binnen de klup minder.