Falske advertinsjes Stormruiter-kaartsjes yn omrin
Der binne falske advertinsjes foar kaarten fan De Stormruiter yn omrin op advertinsjewebsiden lykas Marktplaats. Minsken biede kaartsjes oan, barre ek sinten, mar leverje de kaartsjes net. Dêrfoar warskôget de organisaasje fan it hynsteteäterstik op har Facebookside.
De Stormruiter krijt dêr in soad klachten oer. De organisaasje kin der neat oan dwaan, sizze se, mar warskôgje dogge se wol. "Ons advies: bij twijfel niet doen", skriuwe se.