Ynternasjonale wittenskippers ûntwerpe Frysk fûgeltsjelân

28 sep 2018 - 16:00

Ynternasjonale fûgelsaakkundigen ûntwerpe freed yn Warkum it ideale fûgellânskip foar Súdwest-Fryslân. Warkum is dit kear it dekôr foar de jierlikse konferinsje fan de 'International Wader Study Group'. Twahûndert minsken út tritich lannen komme nei Fryslân om harren kunde oer greide- en waadfûgels te dielen.

Skries yn it boerelân - Foto: OF

Heechlearaar Theunis Piersma oer it inisjatyf

De ideeën dy't yn Warkum betocht wurde foar it ideale fûgellânskip wurde oerlange oan deputearre Johannes Kramer. Ien fan de saken dy't by dizze stúdzje as wichtich punt boppe driuwen komt, is dat wy ophâlde moatte mei it gebrûk fan keunstdong.

Foto: Vogelbescherming Nederland
(advertinsje)