Gerrit Dijkstra is klear foar 'Wedstriid fan de wike'

28 sep 2018 - 15:20

Para-atleet Gerrit Dijkstra is der klear foar. Hy wol sneon de Iselmar oerswimme, fan Starum nei Medemblik. Dêrmei is er de earste paraswimmer dy't dat docht. Reden genôch foar Omrop Fryslân om him te folgen foar de 'Wedstriid fan de wike'.

Gerrit Dijkstra is yn syn jonge jierren in talintfol reedrider en hurdfytser. Mar syn wrâld stiet folslein op syn kop as hy by in trainingsrit oanriden wurdt troch in trekker. Hy is dan noch mar 19 jier.

Trije dwarslaesies

Gerrit kin troch it ûngelok yn 2004 beide skonken net mear brûke. It gefolch is dat er trije dwarslaesies hat. It ûngelok hat him net ôfhâlden fan syn ambysjes om topsporter te wurden. Sa die er ferline jier mei oan de Frysman-triatlon.

Sneontemoarn om healwei achten begjint Dijkstra oan syn nije doel: de swimtocht fan Starum nei Medemblik.

Alle wiken stiet by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Ferslachjouwer Freark Wijma folget sneon de swimtocht fan Gerrit Dijkstra yn in boatsje. Hy sil ferslach dwaan fia de webside fan de Omrop. Ek sil hy updates jaan by Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)
(advertinsje)