Biltske Nijntje-oersetting presintearre sûnder de oersetters

28 sep 2018 - 15:19

It earste eksimplaar fan Nijntje yn it Biltsk is freedtemoarn yn Sint-Anne útrikt oan wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke. Nijntje is al yn ferskate (streek)talen oerset en dat is in súkses, want der binne 300.000 Nijntje-boeken yn streektalen ferkocht, wêrûnder ek it Frysk en it Ljouwerters.

Biltske Nijntje-oersetting presintearre sûnder de oersetters

No dus ek yn it Biltsk. Dat is in inisjatyf fan Westhoekster Sytse Buwalda, dy't tegearre mei Leendert Ferwerda de Biltske oersetting makke hat.

Net oanwêzich

Opmerklik wie dat de beide oersetters freed net oanwêzich wienen by de presintaasje fan de Biltske Nijntje. Bauky Luinstra sei dêroer út namme fan de organisaasje dat beide mannen wol útnûge binne, mar dat sy net koenen. Fierder woe Luinstra der neat oer sizze.

Bauky Luinstra fan de organisaasje - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Ien fan de oersetters, Sytse Buwalda, fertelt dat hy en Ferwerda tongersdeitejûn noch telefoanysk útnûge binne, mar dat sy der beide fan ôfsjoen hawwe om te kommen. Se binne teloarsteld dat sy as oersetters net earder by de organisaasje fan de presintaasje belutsen binne. Sy fielden der doe beide neat mear foar om te kommen by de presintaasje.

Trefwurden: 
Nijntje Biltsk
(advertinsje)