200.000 besikers foar Escher op Reis

28 sep 2018 - 15:02

Susan Silvius út Aldtsjerk en Tinie Silvius út Ljouwert wiene freed bliid ferrast: se wiene de 200.000ste besikers fan de tentoanstelling Escher op Reis yn it Fries Museum. It wie net de earste kear dat beide froulju yn it museum wiene, mar wol de earste kear dat se nei Escher gongen.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

Museumdirekteur Kris Callens en Mark Veldhuysen, direkteur fan de M.C. Escher Stichting, oerlangen beide froulju in orizjinele printinge fan in nijjierswinsk fan Escher.

De tentoanstelling is noch te sjen oant en mei 28 oktober.

(advertinsje)
(advertinsje)