Freedsmerk oer terreurdriging: "Sjapo foar de geheime tsjinst!"

Mei de arrestaasje fan de sân manlju tongersdei dy't fertocht wurde fan in terroristyske oanslach op in grut evenemint yn Nederlân is terreurdriging it petear fan de dei. Hoe sit dat op de freedsmerk? De reaksjes wiene wakker posityf. "Sjapo foar de geheime tsjinst!"
Foarbyldfoto fan in militant © Shutterstock.com
"Ik bin wakker te sprekker oer ús ynljochtingstsjinsten. Ik miende dat dy by ús net sa folle foarstelden, mar nei de arrestaasje fan 'e wike fan dy terreurfertochten tink ik dêr oars oer!" In âld-beropsmilitêr seach hjiryn ek it sukses yn fan de 'Seksje Stiekem' en dat wy dus net te bot eamelje moatte oer privacy. "It speurwurk smyt écht wat op!"
Tegen einzelgängers heb je geen schijn van kans!
Reaksje op de Freedsmerk
Oaren wiene wat foarsichtiger: 'Wy moatte ús net te bot op 'e boarst klopje, it kin hjir krekt like goed noch wol barre. Rekkenje dêr mar goed op, by in fleanfjild of in evenemint, dat mist net." Benammen aksjes fan einzelgängers meitsje minsken benaud: "Daartegen heb je geen schijn van kans!"
Wat fynt de Freedsmerk fan de terreurdriging?