Ien meldpunt foar betize minsken yn Fryslân

Yn Fryslân komt in spesjaal telefoannûmer dat boargers belje kinne, as se konfrontearre wurde mei betize minsken. Op dit stuit witte in soad minsken faak net oft se dan de ambulânse of de plysje belle moatte. Betize minsken wurde dêrtroch gauris ûnterjochte opsletten. Oan de proef dogge foarearst fjouwer gemeenten mei.
Ien meldpunt foar betize minsken yn Fryslân
Steatssekretaris Paul Blokhuis fan Folkssûnens wol lanlik ien telefoannûmer yn it libben roppe dat dei en nacht berikber is. Dit sintrale meldpunt moat it foar gemeenten makliker meitsje om minsken dy't betize binne en in gefaar foar harsels of harren omjouwing foarmje, passende soarch te jaan.
Frans Haenen fan GGD Fryslân
Boargemaster Crone fan Ljouwert kin him net yn it lanlik foarstel fine. Hy wol it provinsjaal regelje: "Bij zo'n landelijk nummer wordt toch direct verwezen naar de regio. Dat is dus veel onnodige drukte." In oare reden is ek dat it net sa wêze moat, dat minsken de wrâld oan ferskate nûmers ûnthâlde moatte.
"Kijk, bij nood bel je 112. Dus ook als je een verward persoon iets bedreigends ziet doen. Is die nood er niet, dan kunnen we een andere vorm van hulp bieden", sa seit Crone. Der komt dan in auto mei helpferlieners foarriden yn stee fan de plysje.
Ferd Crone oer betize minsken
Krekt dy oanpak dy't no yn Fryslân al tapast wurdt, wurket neffens Crone. "Onze ervaring nu is dat 60, 70 procent van de mensen thuis geholpen kan worden. Die hoeven dan niet de cel in zoals tot nu toe vaak gebeurde. Dit is voor iedereen beter en haalt bovendien druk van de schouders van de politiemensen."
Foarearst dogge fjouwer gemeenten mei oan it eksperiment. It doel is dat it útwreide wurdt ta tweintich gemeenten.
Sûnt twa jier binne gemeenten ferantwurdlik foar de soarch en opfang fan betize minsken. Dat blykt yn de praktyk faak net maklik.