Priisfraach foar oanklaaiïng fan Zwettetunnel

28 sep 2018 - 12:18

It bedriuweterrein De Zwette yn Ljouwert wol in bydrage leverje oan Kulturele Haadstêd 2018. Dêrom skriuwt de feriening fan bedriuwen in priisfraach út. Wa kin it moaiste ûntwerp meitsje foar de Zwettetunnel?

Foto: Google Maps

De feriening fan bedriuwen fan it yndustryterrein wol graach in nije oanklaaiïng foar de Zwettetunnel. Wa't it bêste ûntwerp makket, wint 1000 euro. Der binne hast gjin betingsten dêr't dielnimmers har oan hâlde moatte. It útfieren fan it plan mei lykwols net mear as 20.000 euro kostje.

(advertinsje)