Noorderbreedte en Patyna bringe ekspertize oer Huntington byinoar

28 sep 2018 - 11:40

Aldereinsoarchorganisaasjes Noorderbreedte en Patyna sille gearwurkje op it mêd fan soarch foar Huntington-pasjinten. Noorderbreedte hat in polyklinyk yn Grou en Patyna biedt opfang yn Bloemkamp yn Boalsert. Beide organisaasjes binne al jierren spesjalist op it mêd fan de erflike oandwaning dy't de harsens oantaast.

Foto: ANP Foto

Der wiene al langer plannen foar gearwurking. It opstappen fan in Huntington-dokter by Noorderbreedte hat der neffens Noorderbreedte en Patyna foar soarge dat der no earder in expertizesintrum ûntwikkele wurdt.

De gearwurking jout neffens beide organisaasjes in ympuls foar de kontinuïteit en kwaliteit fan de Huntington-soarch. Ek soe de soarch doelmjittiger wurde. "Door elkaars expertise bij elkaar te brengen, vergroten we onze kennis en verbeteren we de wijze waarop de ziekte behandeld kan worden", seit direkteur-bestjoerder Saskia van Opijnen fan Noorderbreedte.

"Op deze manier willen we borgen dat cliënten uit onze regio voor goede Huntington-zorg niet naar elders hoeven af te reizen."

Meardere spesjalisten fan beide soarchorganisaasjes sille gearwurkje om dizze pasjintegroep de bêst mooglike soarch te bieden. Yn hiel Nederlân binne der sa'n 1700 minsken dy't Huntington ha. Op de polyklinyk fan Noorderbreedte komme sa'n 70 pasjinten.

"Gelukkig zijn er in ons gebied niet heel veel mensen met Huntington", seit Johan Krul fan Patyna. "Omdat de groep zo klein is, wordt het heel lastig om er als beide organisaties specialisten op te zetten. Door onze kennis te combineren, wordt je minder kwetsbaar." Krul wol dan ek sa gau as mooglik starte mei de gearwurking.

Johan Krul fan Patyna

Huntington is in erflike sykte dy't guon parten fan de harsens oantaast. De symptomen lykje op in kombinaasje fan ALS, Alzheimer en Parkinson. Der binne gjin medisinen om de sykte te genêzen.

(advertinsje)