Steatssekretaris wol ûndersyk nei fertragingen fearboat It Amelân

28 sep 2018 - 11:29

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei de fertragingen fan de fearboat fan en nei It Amelân. Dat skriuwt de ferantwurdlik steatssekretaris Stientje van Veldhoven oan de Twadde Keamer. Ek yn de earste helte fan dit jier wiene der wer fertragingen en de steatssekretaris wol witte hoe't dat kin.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De betrouberens fan de farferbining stiet ûnder druk, stiet yn it brief oan de Keamer. In ûnôfhinklik ûndersyksburo sil no besjen oft en hoe't der effisjinter baggere wurde kin. Fierder wurdt besjoen oft it lade en losse yn Nes better en foaral flugger kin.

De resultaten fan it ûndersyk moatte foar takom jier simmer bekend wêze.

Trefwurden: 
Amelân fearboat Wagenborg
(advertinsje)