Sûnenz begjint mei eigen oplieding foar tweintich minsken

Fan 't hjerst sil Sûnenz tweintich minsken út Súdeast-Fryslân fergees opliede om 'Master fan Sûnenz' te wurden. Sy leare dan lokale inisjativen op te setten op it mêd fan sûnens en previnsje. Sûnenz wol sa mear hulp biede oan minsken dy't iensum binne en wol wat help brûke kinne.
Âldereinsoarch © Shutterstock.com
"We richten ons dit keer juist niet op kwetsbare mensen, maar op de mensen die volgens ons het verschil kunnen maken: mensen met een breed netwerk, mensen die al heel veel doen en actief zijn in en voor de samenleving", seit Michel Dijkman, manager by Sûnenz.
Eltsenien kin him oanmelde: der is gjin leeftiidsgrins. Motivaasje is folle wichtiger.