Siart Smit wurdt nije direkteur Oerol Festival

28 sep 2018 - 11:15

Siart Smit wurdt de nije direkteur fan Oerol. Mei yngong fan 1 desimber sil hy Marelie van Rongen opfolgje by it Skylger festival. Van Rongen wurdt direkteur fan teäterselskip Toneelschuur yn Haarlem.

Siart Smit - Foto: Aad van Altena

Smit is no noch programmadirekteur fan Lân fan taal, ien fan de grutste projekten fan Kulturele Haadstêd 2018. Dêrfoar wie er acht jier saaklik lieder fan it Fryske teäterselskip Tryater. Smit waard yn it ynformele sirkwy neamd as ien fan de kandidaten foar de direkteursfunksje fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

It team fan Oerol is bliid mei de beneaming fan Smit. "Met Siart halen we een capabele en enthousiaste directeur in huis met grondige kennis van en liefde voor het festival en het eiland Terschelling.

Smit sels is ek optein: "In mijn hart heb ik altijd al gehoopt ooit voor Oerol te mogen werken. Het vertegenwoordigt alles waar ik van hou."

Siart Smit, de nije direkteur fan Oerol

(advertinsje)
(advertinsje)