Wike fan de Iensumens: "Ik ha al trije dagen gjin stim mear heard"

28 sep 2018 - 10:59

Nei it ferstjerren fan har man 21 jier lyn rekke Janny Witzenburg fan It Hearrenfean it paad kwyt. Se fielde har jierrenlang iensum. "Ik had nergens meer zin in en dacht alleen maar: Wat doe ik hier nog?" Yntusken hat se har libben wer hielendal op de rit en set se har alle dagen yn om iensumens tsjin te gean. "Wat is er mooier dan omzien naar elkaar?"

As Janny Witzenburg yn 1997 har man ferliest oan de sykte ALS falt se yn in djip gat. "Na een maand of vier zakte ik helemaal weg. Toen heb ik me écht eenzaam gevoeld. Ik had nergens meer zin in." Ek al hat se thús twa pubers dy't nei de middelbere skoalle gean, dochs sjocht Janny it allegear net mear sitten. Se fertelt it lykwols oan gjinien. "Ik heb het heel erg weggestopt."

Nei twa jier brekt de iensumens har op en wurdt se troch de húsdokter trochstjoerd nei in psycholooch. Stadichoan pakt se de tried wer op. Janny begjint njonken har baan fanatyk mei frijwilligerswurk, om it iensume gefoel tsjin te gean. "Bezig zijn en onder de mensen zijn is voor mij het allerbeste medicijn tegen eenzaamheid."

Je moet weer de moed krijgen: ik ga er tegenaan.

Janny Witzenburg

Tsjintwurdich is Janny frijwilliger by ferskate organisaasjes, lykas De Zonnebloem, it Aanloophuis, tsjerke en it Seniorcafé. Se fynt it prachtich om wat foar in oar te dwaan. "Ik was laatst op huisbezoek en toen zei die dame: "Wat bin ik bliid dat jo der binne, want ik ha al trije dagen gjin oare stim mear heard." Dat vind ik dan wel heel triest hoor, zulke verhalen."

Foar minsken dy't iensum binne hat Janny noch in oantal tips. "Ga eropuit. Voor 60 procent ligt het misschien aan je zelf dat je eenzaam wordt; je moet zelf ook iets doen. Maar dat is niet altijd gemakkelijk, dat weet ik als geen ander. Je moet weer de moed krijgen: ik ga er weer tegenaan."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Janny Witzenburg

(advertinsje)
(advertinsje)