Kollum "The Secret"

28 sep 2018 - 08:31

"De dokumintêre The Secret op Netflix giet oer de geheimen fan it Universum en de wet fan de oanlûkingskrêft. Einstein wist dit en in hiele soad foar en nei him ek. It boek Think and grow rich út 1937 beskriuwt hoe't de rykste minsken út Amearika eins allegear dwaande wiene mei dit prinsipe.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It komt der op del dat alles enerzjy is en it Universum ús beleannet mei itjinge dat wy bestelle. Ast goed witst watst wolst, dat ek echt fielst, fisuallisearrest en tankber bist, dan binne de mooglikheden ûneinich. Mar dat jildt dus ek foar negative gedachten en gefoelens. Ast op in minder positive frekwinsje sitst, dan krijst dat likegoed foar de kiezzen.

Ik fyn dizze matearje hiel nijsgjirrich en ha sa bêst wol leuke dingen manifestearre. Marktplaats is altyd in moai plak om eat te manifestearjen datst winskest. Sa woe ik in kear hiel graach in heal rûn Hylpers beskildere taffeltsje ha. Op Marktplaats stie presys it taffeltsje dat ik ha woe, yn Grins, dêr't ik tafallich dyselde middei hinne moast.

Myn strontkroade ha 'k ek sa fûn. Ik hie al skoften myn nocht fan myn âlde kroade, want dy waard my te swier en in nije wie my te djoer. Dus ik goaide myn bestelling fan in kroade op trije tsjillen mei in grutte laadbak it Universum yn en wer bingo! Tichteby hûs fûn ik sa'n kroade en hy koste ek noch mar 50 euro.

No binne dit puer praktyske foarbylden, mar ik ha echt wol faker fersteld stien en sit dan ek graach op in positive frekwinsje. Mar yn dizze dokumintêre is it hiele libben op bestelling te krijen. Wolst miljonêr wurde? Stjoer it nei it Universum. Bist slim siik? Dan hast it ferkearde de eter yn goaid. En dêr ha ik al muoite mei, want ik tink dat guon dingen dy ek gewoan oerkomme kinne.

Ha ik om trije miskreammen frege? Echt net! Woe ik graach myn ribben knieze op fakânsje? Ik ha der net in tel oer neitocht en dochs barde it. Sokke dingen binne wat my oanbelanget net te ferklearjen. En sa barre der alle dagen noch folle slimmere dingen, dêr't de minsken neffens my net om 'frege' ha.

It libben kin hiel moai wêze, mar it kin ek op 'e harsens ferkeard gean. En om dan yn in positive flow te bliuwen is makliker sein as dien. Ik leau der oant bepaalde hichte yn dat we sels bepale kinne hoe't in hiel soad dingen ferrinne sille mar der binne gjin garânsjes. In probleem is ek krekt in probleem asto fynst dat it sa is. Dêr't de iene mei gemak de hiele wrâld oer reizget, sjit de oare al yn 'e stress fan in dei nei Skylge. Net ien is gelyk en dan hawwe wy ek allegear noch in bepaalde opfieding hân.

Wylst ik nei de dokumintêre seach, frege ik my ôf hokker fraach no it meast it Universum yn slingere wurdt. Neffens my is dat: 'Wat sille we hjoed wer ris ite?' En dêrom hat it Universum ús miskien wol opskipe mei al dy supermerken. Wy witte faak net wat we ite sille, dus is it oanbod ûneinich. Ek mei iten der't we siik fan wurde en dat totaal gjin fiedingswearde hat. Mar as ik al in kear presys wit wat ik klearmeitsje sil dan binne guon yngrediïnten wol gauris net oanwêzich!

Of giest de stêd yn om in broek, mar dan fynst him net en ast yn 'e stêd bist om wat oars, dan fynst him al! Sucht. Libbe Einstein noch mar. Dan hie 'k him efkes freegje kinnen hoe't it sit, want soks giet my de pet te boppe."

(advertinsje)