De Fryske Marren wol toeristen Lelystad Airport lûke

As de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd trochgiet, soe it toerisme yn De Fryske Marren dêr ek fan meiprofitearje moatte. Boargemaster en wethâlders lûke 25.000 euro út foar it meitsjen fan in plan om de gemeente te promoatsjen by de toeristen dy't op Lelystêd fleane sille.
© ANP
It is ien fan de 36 saken dêr't it kolleezje 2,5 miljoen euro oan besteegje wol yn de saneamde kadernota. Dizze kadernota wurdt bepraat op woansdei 17 oktober yn in brede riedskommisje.
Der rinne noch altyd protesten tsjin de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd, mar neffens wethâlder Jos Boerland fan De Fryske Marren is it net te betiid om no al plannen te meitsjen. "Hoe het ook komt met Lelystad Airport en hoe de routes ook gaan lopen infrastructureel, het bedrijfsleven moet er straks wel op voorbereid zijn."
Wethâlder Jos Boerland fan gemeente De Fryske Marren
Bakhuzen krijt yn de plannen fan de gemeente in soad jild, om in bettere ûntsluting te meitsjen fan bedriuweterrein De Burde. It frachtferkear moat noch troch it doarp hinne en dat jout in soad oerlêst. De gemeente lûkt 900.000 euro út foar de wurksumheden en hopet dat de provinsje itselde bedrach der foar oer hat.