De Vries wol as boargemaster ynwenners kânsen jaan om ambysjes wier te meitsjen

27 sep 2018 - 22:51

De ynwenners alle kâns jaan om harren ambysjes wier te meitsjen. Dat is it wichtichste dat Jannewietske de Vries de kommende tiid foar elkoar krije wol yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn de Grutte Tsjerke yn Snits waard De Vries tongersdei offisjeel ynstallearre as opfolger fan ynterim-boargemaster Magda Berndsen.

De ynterim- en de nije boargemaster: Magda Berndsen en Jannewietske de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Vries wie direkteur fan de Floriade yn Almere en dêrfoar deputearre foar de PvdA yn Fryslân. Yn dy lêste funksje wie se ien fan de wichtichste minsken achter it binnenheljen fan de titel Kulturele Haadstêd fan Europa foar Ljouwert. Neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok krijt Súdwest-Fryslân dermei in boargemaster mei fyzje. It wie De Vries dy't nettsjinsteande de krityske lûden, trochsetten hat, sa sei Brok.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de ynstallaasje fan De Vries

Dat trochsetten en dy fisy wie neffens de fertrouwenskommisje fan Súdwest-Fryslân ien fan de wichtichste redenen om foar De Vries te kiezen. De riedsleden wiene yn elts gefal ûnder de yndruk fan de earste taspraak fan de boargemaster. Dêryn besocht De Vries benammen dúdlik te meitsjen dat it net de ferskillen binne dy't fan belang binne, mar wat ferbynt.

De folsleine ynstallaasjetaspraak fan Jannewietske de Vries

Bêste ynwenners fan Súdwest-Fryslân,

Achte Kommissaris fan de Kening,

Achte boargemaster en âld-boargemasters,

Achte leden fan de ried,

Leave famylje en freonen,

Bêste minsken,

Wat hawwe jimme my in waarm wolkom jûn! Dat is om stil fan te wurden: blommen, kaarten, apps, hertlike wurden, skouderklopkes, oanmoedigingen as ik op 'e fyts troch de gemeente gean...

It fielt as thúskommen yn bestjoerlik Fryslân en dan ek noch yn de moaiste gemeente...

It is in grutte ear om boargemaster te wurden fan de twadde gemeente yn Fryslân en de grutste yn Nederlân, yn oerflakte. In gemeente om grutsk op te wêzen; mei in prachtige balâns fan stêd en plattelân. Seis fan de alve stêden en in skitterjende Iselmarkust. Lânskip, erfskip, mienskip en stedelikheid yn oerfloed.

Ik wol myn foargongers tige tanksizze foar it deeglike fûnemint dat sy ûnder dizze grutte gemeente lein hawwe.

Hayo Apotheker foar de strategyske fyzje op it gebiet fan stêd en plattelân en de ûntwikkelaginda dy't er neilit.

Magda Berndsen hat ûnder har waarnimmerskip in tal essinsjele stappen set op it mêd fan iepenbiere oarder en feilichheid. Dat is foar in gemeente dy't optilt fan de eveneminten fan grut belang.

Magda, tige tank foar dyn rêstige en bekwame wize fan waarnimmen.

Mar ek de bewenners en organisaasjes; jimme sette jim alle dagen yn om fan dizze gemeente in libbene en sterke mienskip te meitsjen. Dat jildt fansels ek foar riedsleden, wethâlders en meiwurkers fan de gemeentlike organisaasje. Der is en wurdt in soad fan jim frege.

Ik sil mei jimme it wurk fierder bringe yn de kommende faze en dêr fansels ek myn eigen aksinten by jaan.

De foto op 'e kaart fan de útnûging jout al rjochting. Op it earste gesicht sjogge jimme it prachtige tradisjonele byld fan de Iselmar mei twa froulju yn Hylpers kostúm. Ast better sjochst, is it in foto mei in twist; twa hippe jonge froulju dy't selsbewust en mei wille in 'selfie' meitsje. Tradysje en takomst wurde hjir mei in knypeach ferbûn.

Hylpen is fansels net samar keazen. Dêr wol ik mei ûnderstreekje dat de ynternasjonale oriïntaasje al iuwenlang yn it dna fan dizze gemeente sit. Wat typysk Frysk liket is in miks fan ynternasjonale ynfloeden: fan it fertroude en it nije.

De 11Fountains jouwe op in nije wize wer ynhâld oan dy ynternasjonale oriïntaasje. In prachtige ferriking.

Súdwest-Fryslân as in gebiet dêr't it ferline leart fan de takomst en de takomst leart fan it ferline.

In gemeente dy't oer de grinzen sjocht.

In gebiet dêr't ynnovaasjes ús helpe om mienskippen leefber te hâlden, monuminten takomstproof te meitsjen en nije ympulzen te jaan oan toerisme en wettersport.

In gebiet dêr't wy mei-inoar sykje om nije wizen dy't ús helpe om it lânskip yn in bettere kondysje oer te dragen oan de kommende generaasjes, om te sykjen nei wat ús bynt: de lânskipspine foarby.

Dêr't wy desintraal, yn de kearnen en mei de ynwenners, stappen mei betsjutting sette. Yn 'e rjochting fan de grutte opjeften fan ús lân en de wrâld.

Ek in gemeente dêr't wy nije foarmen sykje om de lokale demokrasy fitaal te hâlden. In grutte opjefte foar in grutte gemeente, dy't rûnom tichteby wêze wol.

Súdwest-Fryslân is in froumins (ja, litte wy it ris in frou neame) dat op twa stevige skonken stiet: Boalsert en Snits. 70% fan de banen sit yn dizze beide stêden. Mei de weryndieling fan Littenseradiel is de balâns yn de gemeente noch sterker wurden. It is hiel goed dat beide stêden by de A7 del trochûntwikkelje en dat dêr yn it koälysje-akkoart ynvestearringsromte foar is.

Twa stevige skonken: oars kinne jo net elegant foarútbewege en in grut gebiet fersoargje. Om dy stevige skonken leit in stjerrestelsel fan kearnen. Stêden binne it plattelân nedich en oarsom. Yn dy wikselwurking leit ús krêft.

Súdwest-Fryslân ûnderskiedt har ek mei de Iselmarkust. Ien fan de kearndossiers is ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Juster hat de regio mei in breed droegen oanbod oan it kabinet sjen litten dat wy mei-inoar ús ferantwurdlikheid nimme en mei ynvestearje yn fersterking fan de ekonomyske potinsje fan de Iselmarkust. De slûs en de nije Ofslútdyk kinne wurkje as katalysator foar ûntwikkeling.

Want der is fansels noch mear nedich om it kustgebiet fan Arum oant Starum duorsum te ûntwikkeljen. Mei 'sense of place'; mei gefoel foar lânskip, natuer, keunst en kultuer. Dêr lizze kânsen foar toerisme en ûndernimmerskip.

Súdwest-Fryslân hat in moaie skaal en in nochtere, praktyske mentaliteit fan dwaan. Net sasear 'doch mar gewoan', want dat binne wy net, mar 'dóch it gewoan'. Dat helpt om stappen te setten. En dêr leare jo fan. Ik wol der graach oan bydrage om foar ferbining tusken de belangrike transysjes te soargjen. Bygelyks besjen hoe't 'kringlooplânbou', enerzjytransysje en net te ferjitten de sosjale transysjes helpe kinne om mienskippen leefber te hâlden. De krêft fan it ferbinend tinken, fan it kollegiaal bestjoeren, fan it mei-inoar doelen heljen. Mei respekt fansels foar elk syn rol. Dêr heart ek by: ûnderskied doare te meitsjen.

Want wat wurket yn de iene kearn, hoecht dat net te dwaan yn de oare.

De skaal makket ek dat wy ynwenners, ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid goed opinoar ynspylje litte kinne. Dy gearwurking kin in enoarme ympuls jaan om bedriuwen ynnovearje te litten en jong talint yn te setten foar ús gebiet. Want talint hat Súdwest-Fryslân ek by de rûs.

Slach de kranten mar iepen, de risping yn de lêste wiken:

  • Nicole Bakker út Boalsert sit op Harvard Boston MIT; wol in bydrage leverje oan de ferduorsuming fan Fryslân
  • Hinke van der Werf út Dearsum; gie it sportive aventoer oan mei in hynsterace yn Mongoalië.
  • En in tal oare 'youngsters' dy't yn ús regio oplaat wurde, bygelyks by ROC Friese Poort, en suksesfol wiene by de lanlike Skills Heroes, in wedstriid foar MBO-studinten. Ik neam Esli Stavenga, studint ICT Media, en Mark Jellema, studint oan de spesjalistyske koksoplieding.

Jonge talinten oan ús regio bine, dat is in grutte opjefte, omdat wy in tekoart krije oan beropsbefolking.

De rol fan de boargemaster ferskoot hieltyd mear fan de tradisjonele 'mannetjesputter', de 'macher', nei in ferbiner en in ambassadeur. Dat is ek nedich as je sjogge nei it fersnipperjende politike lânskip. De boargemaster moat tsjintwurdich linich wêze; beneamd troch de Kroan mei eigen ferantwurdlikheden, mar ek beneamd op foardracht fan de ried en dêrmei yndirekt troch de ynwenners. Dat freget in hege gefoelichheid foar de ferskillende belangen en in autonome en transparante wize fan operearjen. In fak apart. Ik sil myn bêst dwaan om dy ferbinende rol foarm te jaan; yn de mienskip en as foarsitter fan de ried en it kolleezje.

Súdwest-Fryslân is in grutte gemeente, it is jûn al faker sein. Dat freget ek ferantwurdlikheid nimme en ynbring hawwe yn Fryske, Noard-Nederlânske, nasjonale en Europeeske gearwurkingsferbannen. Ut ús eigen spesifike opjeften wei, mar ek út 'e opjeften wei dy't it gehiel sterker meitsje. Dat freget profesjonalisearring, ynvestearjen yn netwurken en oer eigen grinzen sjen. Oan dy nije posisjonearring wol ik graach mei jimme wurkje.

Seis fan de alve stêden; ik kin se dreame. Snits, Drylts, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert. Mar wat no, wat no as de tocht komt?

Ik bin in rider. Yn 1997 (gjin suertsjetocht; fan Starum ôf yn de wyn op nei Dokkum) haw ik myn krúske helle, op karakter, net op kondysje.

Ik haw in betiid startnûmer. Sil ik him ride, of bin ik op myn post as boargemaster yn de seis stêden? Beide like unyk..

Hjir stean ik as jimme nije boargemaster. Mei in amtskeatling dy't ienfâldich en licht is. De ferantwurdlikens dy't dêrby heart, is dat net.

Ik fiel de djipte en de earnst fan it amt. Dêr sil ik op myn eigen positive en ek entûsjaste wize mei omgean. Hjir stiet in boargemaster dy't kânsen sjocht, dy't nocht hat oan de takomst, nocht oan it iepenbier bestjoer. In boargemaster dy't har hert folge hat en dy't dat ek alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân gunt: in plak dêr'tst yn alle frijheid en feilichheid dyn hert fine kinst.

Dêr sil ik alle dagen op 'e nij myn bêst foar dwaan.

Myn bêst om de iepen, ambisjeuze en belutsen boargemaster te wêzen dy't dizze gemeente fertsjinnet.

Tank foar jimme betrouwen.

(advertinsje)
(advertinsje)