Waadhoeke wol mei doarpen prate oer it húsfestjen fan mear bûtenlânske wurknimmers

De gemeente Waadhoeke wol mei de doarpen yn petear oer de mooglikheid om mear bûtenlânske wurknimmers te húsfestjen. De gemeente tinkt deroer om de âlde noarm fan op syn meast 1 persint 'arbeidsmigranten' yn ien doarp los te litten, want dy noarm is neffens de wurkjouwers yn de glêstúnbou te krap.
Waadhoeke wol mei doarpen prate oer it húsfestjen fan mear bûtenlânske wurknimmers
Omdat der nij belied yn ûntwikkeling is, sil de gemeente foarearst net mear 'hanthavenje' op de âlde regels. Neffens wethâlder Nel Haarsma fan de gemeente Waadhoeke is it 'net handich' om soks te dwaan, wylst de kâns oanwêzich is dat de regels op koarte termyn feroarje.
Wethâlder Nel Haarsma en Paul de Cock fan pleatslik belang
Pleatslik Belang Easterbierrum is net bliid mei de koerswiziging by de gemeente. It stekt foarsitter Paul de Cock dat de gemeente it foarnimmen foar it nije belied wol mei de wurkjouwers oerlein hat, mar net mei de pleatslike belangen.
Ek yn it sintrum fan Easterbierrum wurde ferskate huzen brûkt foar keamerferhier © Omrop Fryslân
De buren weten vaak niet eens wie naast hen woont.
Paul de Cock, foarsitter pleatslik belang Easterbierrum
Yn Easterbierrum binne de lêste jierren yn heech tempo leechkommende wenten opkocht troch húskemelkers, wêrtroch't de eigen jongerein mar kwealik oan in hûs yn eigen doarp komme kin. It doarp Easterbierrum hat neffens De Cock no al tefolle keamerferhier. "Sommige nieuwe huizen krijgen iedere drie maanden nieuwe bewoners. De buren weten vaak niet eens wie naast hen woont. In een dorp als Easterbierrum is dat echt heel raar."
Easterbierrumers binne ek wend om alle dagen 'goeie' tsjin inoar te sizzen. Ek oan dy gewoante dogge de nije doarpsbewenners út Hongarije of Poalen net mei.
Kassen tusken Easterbierrum en de seedyk © Omrop Fryslân
Leaver as keamerbewenners sjocht Pleatslik Belang húshâldings mei bern yn it doarp. Want dat is goed foar de skoalle en de mienskip. In húshâlding mei bern ferhuzet yn 'e regel ek minder faak.