Bûn fan Fryske Fûgelwachten teloarsteld oer boete Age de Jong

27 sep 2018 - 21:26

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) is teloarsteld dat de rjochter it útbrieden fan ljipaaien yn in briedmasine strafber steld hat. Dochs fynt foarsitter Rendert Algra it moai dat de rjochter each hat foar de goeie bedoelings fan de man fan de briedmasine, Age de Jong fan Skearnegoutum.

Ljip - Foto: Shutterstock.com

De Jong krige tongersdei fan de rjochter in boete fan 1000 euro ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier. Ferline jier die de miljeuplysje in ynfal by De Jong, dy't doe dwaande wie mei in eksperimint mei it útbrieden fan ljipaaien mei help fan in briedmasine. De Jong die it útbrieden fan de aaien net foar himsels, mar foar it behâld fan de ljip.

De rjochter sei tongersdei dat hy snapt dat De Jong foar de ljippen opkomme wol, mar dat it net tastien is. BFVW-foarsitter Algra wol graach in proef mei it útbrieden fan ljipaaien. It bûn hat dêrfoar subsydzje oanfrege by de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)