Centrumcross Surhústerfean giet takom jier net troch

De Internationale Centrumcross fan Surhústerfean giet takom winter net troch. Dat hat de organisaasje 'mei pine yn it hert' bekendmakke. It hie de 23e edysje wêze moatten.
© www.orange-pictures.nl
Albert Helfrich fan de Centrumcross
It probleem is neffens de organisaasje dat de fjildrydkalinder yn de perioade tusken de krystdagen en âld en nij sa fol sit. Dat komt troch de ynternasjonale kompetysjes. Wol Surhústerfean noch in oantreklik dielnimmersfjild oan de start sette kinne, dan soe it in plak krije moatte yn ien fan dy ynternasjonale kompetysjes.
Earder dit jier hat Surhústerfean foar it earst it Nederlânsk kampioenskip fjildriden organisearre. De winners dêr wienen Mathieu van der Poel en Lucinda Brand. Om't Surhústerfean yn 2018 it NK hie, kaam de Centrumcross dit jier ek al te ferfallen. De lêste edysje, yn 2017 dus, waard wûn troch Corné van Kessel en Marianne Vos.
De organisaasje hat by de KNWU, it hurdfytsbûn, meld dat se graach opnij in kampioenskip lykas it NK organisearje.