Lanlike priis foar learwurkprojekt Jobbegea

It learwurkprojekt Jobbegea hat de lanlike RBB-award wûn. RBB stiet foar Rijksbrede Benchmark. De award is in priis foar de bêste praktykprestaasje fan organisaasjes dy't oan it ryk ferbûn binne.
Boskwachter Dennis Benedictus mei de RBB-award 2018 © Omrop Fryslân, René Koster
Oan it learwurkprojekt diene 12 jongeren mei, wêrfan't 9 in diploma hellen en twa noch trochleare. Der is dus mar ien fan ôffallen, wat unyk neamd wurdt by dit type projekten foar minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk.
Steatsboskbehear, it Nordwin College en de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Eaststellingwerf wurkje gear yn it projekt.
It Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries komt snein tusken 11.00 en 13.00 oere mei in reportaazje oer it priiswinnende inisjatyf en de minsken dy't der by belutsen binne.
Ferslachjouwer René Koster wie op it praktyklearplak