Arjan Stroetinga wint earste massastart fan it seizoen
Arjan Stroetinga fan Wynjewâld hat yn de Alvestêdehal yn Ljouwert de earste massastart fan it seizoen wûn. Yn de einsprint wie er te sterk foar Simon Schouten en Marcel Bosker.
By de froulju gie de earste oerwinning nei Irene Schouten. Marijke Groenewoud fan Hallum waard twadde, foar Jessica Merkens.