File op A7 nei Grins ta nei kettingbotsing

Der hat tongersdei in lange file stien op de A7 tusken Drachten en Grins nei in kettingbotsing by Leek. De dyk wie by de ôfslach Leek ôfsletten. By de oanriding wienen acht auto's belutsen en binne fjouwer minsken ferwûne rekke.
© De Vries Media
De hiele dyk stie oan de ein fan de middei fol mei skânsearre auto's. De helptsjinsten binne teplak mei de brânwacht en ambulânsen.
De file yn de rjochting fan Grins wie op in stuit sa'n njoggen kilometer lang. Ek oan de oare kant fan de dyk ried it ferkear dreech. De sneldyk wie wol earder as ferwachte wer frij.
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe en hoe't de ferwûnen deroan ta binne.