FIDEO: Powerkolleezje oer it mystearje fan Johannes Wardenier

Oer de Fryske skiednis is in hiel soad bekend, mar der binne ek histoaryske fragen dy't noch iepen lizze. Is Berltsum bygelyks eins de tolfde stêd fan Fryslân? En binne Friezen echt it âldste folk op 'e ierde?
FIDEO: Powerkolleezje Cold Cases Tresoar
Direkteur Bert Looper fan Tresoar behannelet dizze 'kâlde saken' fan de Fryske skiednis, dy't driigje fergetten te wurden, yn powerkolleezjes. Mei hjoed de earste: it mystearje fan Johannes Wardenier.