Miljoenesubsydzje foar Garyp om earste ierdgasfrije doarp te wurden

27 sep 2018 - 17:56

Garyp krijt fan it ryk 5,5 miljoen euro om it earste ierdgasfrije doarp fan Nederlân te wurden. De gemeente Tytjerksteradiel hie dêr foar de simmer in plan by it ryk yntsjinne mei de Enerzjy Koöperaasje Garyp, de doarspbelangen en de ûndernimmersferiening.

Wethâlder Andries Bouwman is der wiis mei: "Garyp kin in foarbyld wurde foar de oare doarpen yn ús gemeente, foar Fryslân en fier dêr bûten. Net allinnich omdat we no in fersnelling yn de enerzjytransysje meitsje kinne, mar fral fanwegen de aktive belutsenens fan de ynwenners by it plan."

Ek kollega Gjalt Benedictus hat der alle betrouwen yn dat it slagje sil. "Ik ha de yndruk dat de measte minsken posityf binne. Der binne ek negative lûden. Dy minsken besykje wy dochs te oertsjûgjen dat se eins wol meidwaan moatte. Mar it is net ferplichte; beslist net."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer sjocht yn Garyp

De bewenners ha in enerzjykoöperaasje oprjochte en soarge foar in sinnepark mei 27.000 sinnepanielen. Dat sinnepark berikte tongersdei de opbringst dat foar hiel 2018 ferwachte waard.

De gemeente Tytsjerksteradiel wol yn 2040 enerzjyneutraal wêze.

(advertinsje)