FIDEO: In dei yn Fryslân mei K-popstjer Somi Douma

27 sep 2018 - 16:40

De santjinjierrige K-popstjer Somi Douma is tydlik yn Fryslân en se kin fansels net werom nei Súd-Koreä foardat se te fierljeppen west hat. Somi komt út in sportive famylje mei Fryske roots, dus it fierljeppen soe gjin probleem wêze moatte. Om de Fryske ûnderfining noch folsleiner te meitsjen, gie se ek op besite by Scherjon's Klompenmakerij en Museum yn Noardburgum. Dêr krige se te sjen hoe't der fan in stik hout in klomp makke waard. Somi fûn de houten skuon nijsgjirrich. Om de ynteresse mei it thúsfront te dielen, naam de K-popstjer tassen fol klompen mei foar al har freonen yn Súd-Koreä.

Trefwurden: 
fierljeppen Somi K-pop
(advertinsje)
(advertinsje)