Boete ûnder betingst foar fûgelbeskermer mei briedmasine

27 sep 2018 - 16:23

Ljippebrieder Age de Jong fan Skearnegoutum hat fan de rjochter in boete fan 1000 euro ûnder betingst krigen, mei in proeftiid fan twa jier, om't er ljipaaien útbrette mei help fan in briedmasine. Ferline jier die de miljeuplysje in ynfal by De Jong, dy't doe dwaande wie mei in eksperimint dêr't er de briedmasine by brûkte om ljipaainen út te brieden.

De Jong seit it útbrieden fan de aaien net foar himsels te dwaan, mar foar it behâld fan de ljip. De rjochter sei tongersdei dat hy snapt dat De Jong foar de ljippen opkomme wol, mar dat it brûken fan in briedmasine net tastien is.

Doe't de ynspeksje ferline jier in ynfal die by De Jong, wiene al tsientallen aaien útkommen. Dy ljippen binne frijlitten. De aaien en piken dy't noch by De Jong op it hiem wiene, binne yn beslach nommen.

De aaien fan De Jong wiene troch minsken fan de fûgelwacht rêden fan in stik lân. De boer hie de fûgelwacht warskôge dat er op it lân wurkje moast en dat hy de aaien net sparje koe.

Fûgelwachtbûn wol nije natuerwet

It fûgelwachtbûn BFVW wol graach oan de slach mei it útbrieden fan ljipaaien. It bûn sjocht it brûken fan briedmasinen as in middel om wat te dwaan oan it weromrinnen fan it oantal ljippen. Mar foar it útbrieden fan de aaien en de opfang fan de jonge ljippen is in ûntheffing fan de natuerwet nedich en dy is der noch net.

(advertinsje)
(advertinsje)