Cybercriminaliteit groeit, plysje hat hannen fol

27 sep 2018 - 16:21

Cyberkriminaliteit wurdt in hieltyd grutter probleem, seit de plysje. Folle grutter as at se oankinne, as it om it opspoaren fan de dieders giet.

Foto: Omrop Fryslân

De plysje wol no de oandacht mear rjochtsje op previnsje en it fersteuren fan ynternetkriminaliteit. Personiel foar cybercrime-bestriding wurdt socht yn it bedriuwslibben en op de universiteit, yn stee fan op de plysjeskoalle.

By de measte minsken dy't it slachtoffer wurde fan ynternetkriminaliteit giet it om jild. Mar net elkenien docht oanjefte. Skamte omdat se 'der yntuind binne', spilet in rol dat minsken har net melde by de plysje. Sa mist de plysje soms 'de lêste trends', seit cybercrimebestrider Peter Nieuwenhuizen. Hy ropt minsken op om altyd oanjefte te dwaan. Minsken hoege har net te skamjen seit hy, want der binne safolle dy't der yn traapje.

(advertinsje)